Hânmakke yn Fryslân

Hi, today May 26 2017 we...

Hânmakke yn Fryslân

Us filosofy is tiidleaze stikken degelik meubilêr te meitsjen mei in rûge, natuerlike elegânsje en in lyts effekt op ús planeet. Earlike,taastbere produkten dy’t makke binne om lang mei te gean en maklik passe yn ús hûs. Alle stikken binne hânmakke mei leafde en omtinken troch lokale ambachtslju yn Fryslân mei help fan massyf hout, 100% natuerlike ôfwurking en minerale ferve.

Hout hâldt jo ferbûn mei de natuer en it gefoel foar in simpeler, stadiger libben yn dizze rûzige wrâld. Izer jout it in wat yndustrieel oansjen en fielen. De Mun kolleksje hat in famylje fan modellen dy’t allegear yn relaasje stean ta mekoar, om liklefolle hoe mingd te wurden ta in persoanlik resultaat.

Minerale ferven

Wy brûke ekologyske minerale ferven en ôfwurkings dy’t wûn binne troch de wei fan sêfte prosessen fan mem ierde, hielendal sûnder syntetyske oplosmiddels of oare yrritante substânsjes.

Minerale pigminten as oksyde, giele oker en ierdeswart meitsje unike doffe kleuren.Yn feite binne guon kleuren de earste ierdeferven dy’t troch de minskheid brûkt binne! Alle kleuren hawwe in net te leauwen djipte en harmony. Guon kleuren hawwe in wike nedich om tedroegjen! It stadige aspekt… De kleuren kinne likefolle hoe mingd wurde en passe altyd op hjoeddeistige wize by elkoar.

themakersslowwood1