Us filosofy is tiidleaze stikken degelik meubilêr te meitsjen mei in rûge, natuerlike elegânsje en in lyts effekt op ús planeet. Earlike,taastbere produkten dy’t makke binne om lang mei te gean en maklik passe yn ús hûs. Alle stikken binne hânmakke mei leafde en omtinken troch lokale ambachtslju yn Fryslân mei help fan massyf hout, 100% natuerlike ôfwurking en minerale ferve.
Hout hâldt jo ferbûn mei de natuer en it gefoel foar in simpeler, stadiger libben yn dizze rûzige wrâld. Izer jout it in wat yndustrieel oansjen en fielen. De Mun kolleksje hat in famylje fan modellen dy’t allegear yn relaasje stean ta mekoar, om liklefolle hoe mingd te wurden ta in persoanlik resultaat.
Genietsje fan in libben yn alle rest!
Christien Starkenburg